Soargen oer boerelânskip

09 jan 2004 - 00:00

Boargemaster Dykstra fan Boarnsterhim makket him soargen oer it fuortbestean fan it boerelânskip yn Midden-Fryslân. Op dit stuit ferdwine hieltyd mear boeren út it lânskip en komt hieltyd mear lân braak te lizzen.

Neffens Dykstra moatte der gau ynspannings dien wurde om dizze driging in positive draai te jaan. Want it is wol dúdlik dat de natuerbeskermings- organisaasjes net alle boeregrûn oankeapje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)