Soargen oer binnenhavens

29 des 2009 - 16:09

De Fryske binnenhavens moatte foar de gruttere binnenfeartskippen berikber bliuwe. Skippersferiening Schuttevaer docht dy oprop oan de oerheden. Op it stuit wurdt hurd wurke oan it útdjipjen fan it PM-kanaal. It liket no dat de ôftakkings nei de havens fergetten wurde. Dat is in taak foar de provinsje en de gemeenten.

Neffens Schuttevaer is it fan grut belang dat ek dy rûtes oanpakt wurde om't de binnenfeart wichtich is foar it ferfier fan konteners en oar guod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)