Soargen oer bijstânswet

22 aug 2003 - 00:00

De gemeente Dongeradiel makket him grutte soargen oer de nije bijstânswet dy't ynkoarten yn de Twadde Keamer behannele wurdt. De wet leit it aksint op it fierder besunigjen op de útkearings en it sykjen fan banen foar minsken mei sa'n útkearing.

Foar in gemeente as Dongeradiel, dy't ta de earmste gemeentes fan it lân heart, is dat hast ûnmooglik om't der yn de regio hast gjin banen te finen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)