Soargen oer beamwâlen

08 jun 2013 - 11:35
  • Beamwâl

De PvdA yn Achtkarspelen makket him soargen oer it roaien fan beamwâlen yn de noardlike Fryske Wâlden by Boelensloane. Neffens de partij binne dêr fan 't maaitiid de beamwâlen te bot kealhelle. Dat soe yn striid wêze mei de beskerme status dy't it gebiet hat.

De PvdA wol no fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen witte oft der in fergunning jûn is foar it wurk. Fierders wol de partij dat it kolleezje derom tinkt dat it wer bart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)