Soargen oer Accolade

14 jan 2008 - 13:51
  • "Soargen oer Accolade"

It CDA yn Skarsterlân makket him grutte soargen oer de gefolgen fan in reorganisaasje by Accolade. Sûnt oktober ferline jier binne der twa ynterimmanagers oan it wurk by de wenningbou-organisaasje.

Dy sille moandei it personiel ynljochtsje oer de takomst. It CDA hat al heard dat der besunige wurde moat by Accolade. De fraksje freget him no oft it plan foar it multifunksjoneel sintrum yn Aldehaske wol trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)