Soargen oer ûnfeilige ICT

23 mrt 2012 - 17:17
  • computer data feilichheid

D66 Fryslân hat soargen oer de befeiliging fan de ICT yn ús provinsje. De lêste tiid docht faak bliken dat oan ynternet keppele ICT-systemen net goed befeilige wienen. De steatefraksje fan D66 wol witte oft de betsjinning fan brêgen en slûzen goed is. Sa moatte kalamiteiten foarkaam wurde.

De partij wol ek witte hoe't it is mei de feiligens fan privacygefoelige ynformaasje fan de Fryske boarger yn de ICT-systemen fan de provinsje. D66 wol dat kritike systemen dy't oansletten binne op ynternet ûnberikber wurde foar bûtenlânske IP-adressen,

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)