Soargen oanrydtiden ambulânses

15 nov 2012 - 11:59
  • Ambulânsepost Mitselwier

Oer de oanrydtiden fan de ambulânses yn Noardeast-Fryslân bestean grutte soargen, sawol by de ynwenners as by de gemeente. Neffens foarsitter Jan Prins fan doarpsbelang Wierum moatte der earst slachtoffers falle. Mei de sluting fan sikehûs de Sionsberg binne der 4000 ynwenners dy't net binnen de wetlike noarm fan 45 minuten yn it sikehûs komme kinne. Neffens de minister en de ynspeksje foar de folkssûnens bliuwt de akute soarch oerein omdat der in ekstra ambulânsepost by Mitselwier stiet.

De helikopter fan it mobyl medysk team fan Grins kin ek ynset wurde.

Diel dit berjocht op: