Soargen by Libiërs yn Fryslân

25 aug 2011 - 17:04

Libyske flechtelingen yn Fryslân meitsje har soargen oer har famylje yn Tripoli. Anis Harib en Nasradin Abdullatif Ali wenje yn it AZC fan Sint Anne. Se komme út Tripoli en folgje it nijs op de foet.

Hoewol't de opstannelingen it grutste part fan de stêd ûnder kontrôle hawwe, is it noch altyd ûnrêstich en wurdt der sketten. Se meitsje har soargen oer har famylje, want der is al skoften gjin kontakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)