Soargen Ie oer sakjen grûn

11 sep 2008 - 09:46
  • Soargen by de ynwenners fan Ie
  • De NAM tinkt gas te finen by Ie

It mooglik sakjen fan ´e grûn by Ie troch gaswinning is foaral in saak fan it Ryk. Dat hat wethâlder Appelhof woansdei yn de riedskommisje sein. De Nederlanse Aardolie Maatschappij (NAM) tinkt by Ie gas winne te kinnen en wol dêrom in gaswinlokaasje bouwe oan ´e Tibsterwei. De FNP en ynwenners fan Ie meitsje harren soargen oer skea troch it sakjen fan ´e grûn. De gemeente mei allinnich beslisse oer de lokaasje, mar it Ryk beslist oft it trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)