Soargen by GGZ oer jildkrapte

22 jun 2006 - 07:52

De GGZ yn Fryslân makket him soargen oer it groeiend ferlet fan help oan minsken mei psychyske problemen. De geastlike sûnenssoarch kin hjir yn Fryslân de fraach noch oan, mar tinkt dat mear jild nedich is om problemen yn de takomst foar te kommen.

Yn oare regio's yn Nederlân is de fraach nei soarch sa grut by de GGZ dat dy gjin kliïnten mear oannimt. Yn Fryslân is it safier noch net, mar de GGZ-Fryslân wit net oft dat sa bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)