Soargen GGD oer geslachtssykten

07 apr 2006 - 09:42

De GGD yn Fryslân makket him soargen oer it grutte tal gefallen fan de geslachtssykte chlamydia dat yn 2005 konstateard is. De baktearjesykte waard 800 kear fêststeld, dat wie 33%mear as yn 2004. Ek it tal gefallen fan syfilis leit folle heger as ferline jier. Hjir is de taname 25%.

Neffens de GGD is dat foar in part te ferklearjen út in heger tal ûndersiken. Mar der wurdt ek gewoan tefolle ûnfeilich frijd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)