Soargen Fryske Gea oer fûgelstân

25 maaie 2005 - 15:50

Natuerorganisaasje It Fryske Gea makket him grutte soargen oer de takomst fan de greidefûgels yn Fryslân. Neffens direkteur Ultsje Hosper is no al dúdlik dat it aaisykferbod ferkeard útpakt.

Earder fannewike sei greidefûgel- koördinator Anne Venema fan de provinsje ek al dat it de ferkearde kant útgiet mei de greidefûgelstân. Hosper en Venema fine beide dat de neisoarchynstellings bettere ôfspraken meitsje moatte mei lâneigners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)