Soargen foar jirpelboeren

18 jul 2004 - 13:31

It minne waar hat negative gefolgen foar de jirpelboeren. Troch it wiete lân kinne de boeren faak net útride om de jirpels binnen te heljen. Jirpels dy't te lang op it lân steane komme yn in goedkeapere klasse terjochte.

No't it wer waarmer wurdt leit boppedat de fitoftraskimmel op de loer. De skimmel hat yn Grinslân al flink taslein en kin de hiele rispinge bedjerre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)