Soargen FNP oer Jobbegea

13 aug 2010 - 17:14

De FNP yn Hearrenfean hat grutte soargen oer it jongerein- en âldereinwurk yn Jobbegea. De organisaasje Caleidoscoop dy't dat fersoarget, moat it kommende jier 90.000 euro besunigje. Se wolle dat dwaan troch net langer romten te hieren yn it multyfunksjoneel sintrum yn it doarp. Dêrtroch soene se ek net mear aktiviteiten organisearje kinne.

De FNP wol no fan it kolleezje witte wat krekt de gefolgen binne fan de besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)