Soargen FNP oer fleanbasis

11 nov 2010 - 12:09

De FNP-fraksje fan Ljouwerteradiel freget it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om Den Haach dúdlik te meitsjen dat de fleanbasis fan Ljouwert bliuwe moat. Dêrneist moat it kolleezje yn petear mei omlizzende gemeenten.

Troch de ûndúdlikheid oer de sluting is der by dy gemeenten in soad ûnrêst. De gemeenten kinne no ûnder oaren gjin plannen foar wenningbou meitsje. Dêrneist nimt de wurkgelegenheid yn it gebiet ôf as de fleanbasis ticht moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)