Soargen FNP oer feiling Thialf

22 sep 2003 - 00:00

De steatefraksje fan de FNP wol fan Deputearre Steaten witte wat de gefolgen binne fan de foardering fan Bonnet & Partners foar it rêdingsplan fan Thialf.

Bonnet wie earder it akkountantskantoar fan Thialf dat in foardering fan goed 350.000 euro op it iisstadion hat. As dat net útbetelle wurdt wol Bonnet Thialf fallyt feile litte. De FNP sit dêr oer yn en wol dat de provinsje sa'n feiling keart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)