Soargen fiskers oer streuperij

21 maaie 2011 - 15:07

Fiskers meitsje har soargen oer it gebrek oan kontrôle op fiskstreuperij. Fanwege besunigings is sûnt begjin dit jier it spesjale opspoaringsteam fan de plysje opheft. De fiskers binne no benaud dat dat grutte gefolgen hat foar de fiskstân.

It fiskstreuperijteam fan de plysje hat de ôfrûne jierren goeie resultaten helle. Sa waard ferline jier septimber in Snitser oanhâlden dy't mar leafst 300 meter oan netten yllegaal útset hie yn de Snitsermar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)