Soargen drugsgebrûk Dongeradiel

15 sep 2006 - 10:00

Gemeente, hoareka en plysje meitsje har grutte soargen oer it drugsgebrûk yn Dongeradiel. Ut oerlis tusken de partijen en de taksy-ûndernimmers die bliken dat der nei alle gedachten in soad harddrugs brûkt wurde.

Sa sjogge taksysjauffeurs hieltyd faker dat der op strjitte kokaïne ferkocht wurdt en ek de hoareka erkent it probleem. Neffens boargemaster Cazemier is it dreech om dealers en brûkers op de die te betraapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)