Soargen CDA Fryslân oer feilichheid dykwurkers

21 jul 2015 - 20:23
  • Ferline wike waard in ferkearsregeler oanriden by Holwert

It CDA Fryslân makket him soargen oer de feilichheid fan meiwurkers dy't oan de dyk wurkje. De partij wol dêrom dat deputearre Sietske Poepjes ynsjoch jout yn it oantal ynsidenten mei dykwurkers. Dêrneist wol it CDA witte hoe't de feilichheid fan de meiwurkers garandearre wurde kin.

Oanlieding foar de fragen fan it CDA is de oanriding fan in ferkearsregeler by Holwert, ferline wike. In automobilist ried mei opsetsin op de ferkearsregeler yn, dy't hjirby ferwûne rekke oan de knibbel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)