Soargen Bilker oer populisme

04 jan 2011 - 12:50
  • Boargemaster Bearn Bilker

Boargemaster Bilker fan de gemeente Kollumerlân hat yn syn nijjierstaspraak syn soarch útsprutsen oer de wize wêrop't it populisme yn de polityk in flecht nimt. Benammen de PVV, dy't yn Noardeast-Fryslân in protte stimmen wûn hat, is yn syn stânpunten populistysk.

Neffens Bilker moatte de grutte politike partijen lykas de PvdA, de VVD en it CDA in dúdliker antwurd hawwe op dit populisme fan de PVV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)