Soarchsintrum wer fertrage

01 sep 2010 - 14:35

It nije soarchsintrum yn Sint Anne kin foarearst net ôfmakke wurde. De Raad van State hat opnij in negative útspraak oer it sintrum dien. Al fjouwer jier lyn is mei de bou begûn. Troch ferskate juridyske prosedueres is de bou slim fertrage.

Yn dit gefal hat de Raad van State sein dat in erker fan it nije gebou net yn it bestimmingsplan past. De gemeente moat dat bestimmingsplan no earst wer oanpasse. De bouwer is teloarsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)