Soarchsintrum nimt oanleunwenningen Nij Bethanië oer

14 aug 2015 - 10:01
  • Nij Bethanië yn Tsjummearum

Soarchsintrum Het Bildt út Sint Anne nimt de soarchferliening yn de oanleunwenningen fan Nij Bethanië yn Tsjummearum oer. It giet yn totaal om 52 units wêrfan in tal noch boud wurde moatte. De soarch yn de wenningen stiet op de tocht omdat soarchgroep Noorderbreedte dêr op 1 septimber mei ophâldt.

It ferpleechhûs giet dan ticht. Foar de oanleunwenningen waard noch socht nei in oplossing. Dy is no dus fûn. Neffens manager Han Westerhof fan Het Bildt is it wichtich dat de mooglikhyd foar soarch yn lytse doarpen behâlden bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)