Soarchsintrum Lycklama Stins yn Wolvegea klear mei ferbouwen

03 des 2014 - 07:20
  • De fernijde yngong

Soarchsintrum Lycklama Stins yn Wolvegea is klear foar de takomst. Waarden in pear jier lyn alle apparteminten al by de tiid brocht, no binne ek de restearjende romten klear. It giet dan ûnder oare om de yngong, hal en gongen. Dy lêste hawwe elk in eigen kleur krigen, sadat se herkenber binne foar bewenners en personiel. De hal is omfoarme ta in 'grand café' dat fungearret as moetingsromte foar de bewenners.

Krekt as oare tehuzen krijt ek Lycklama Stins hieltyd mear bewenners dy't mear soarch nedich hawwe, bygelyks omdat se demintearje.

Tongersdei wurdt it fernijde gebou offisjeel yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)