Soarchsektor hat wer mear ferlet fan meiwurkers

14 mrt 2016 - 12:19
  • De iepening fan de Wike fan de soarch yn Drachten mei Iris Kroes

It ferlet fan minsken dy't yn de soarch wurkje wolle, wurdt wer grutter. Dat die moandei bliken yn Drachten by de iepening fan de Wike fan de Soarch. Wurkjouwers yn de soarch organisearje dy wike. Hy is bedoeld foar meiwukers en takomstige wurknimmers.

In punt fan soarch is fierder dat de opliedings dy't studinten krije, lang net altyd oanslute op wat se tsjinkomme op staazje of op it wurk. Njonken de wurkjouwers binne it benammen ek de studinten dy't dit melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)