Soarchpleats foar deminten

02 nov 2007 - 16:40
  • De famylje Agricola yn harren krekt iepene soarchbuorkerij

De famylje Agricola yn Skarsterbrêge hat in soarchbuorkerij foar deminten iepene. It partikuliere inisjatyf is in jierrenlange winsk fan 'e famylje, dy't ek sels de soarch dwaan sil.

Yn 'e pleats binne acht apparteminten foar minsken mei dementsy en Alzheimer. Fierders binne der fjouwer plakken foar deiopfang. Minsken kinne yn in lytsskalige omjouwing better holpen wurde, sa is de idee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)