Soarchoerienkomst ûndertekene

23 jun 2014 - 16:11
  • Undertekening soarchôfspraken NW-Fryslân

Yn Frjentsjer is moandei in oerienkomst ûndertekene oer de nije ynfolling fan de soarch yn Noardwest-Fryslân. De ôfspraken binne makke troch de gemeenten Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt mei alve help- en soarchorganisaasjes, wêrûnder Sosjale Saken en Wurkgelegenheid NW-Fryslân, húsdokters, de GGD en jongereinsoarch.

De trije gemeenten krije fan it ryk acht miljoen euro minder as nedich is om de soarchtaken út te fieren. Dêrom moat der goedkeaper wurke wurde om de kliïnten jaan te kinnen wêr't se rjocht op hawwe.

Ien fan de aksjes om jild te besparjen is effisjinter te wurkjen. Mei dat doel binne moandei yn Frjentsjer trije gebiedsteams oprjochte. De team sille fan 1 july ôf proefdraaie. Op 1 jannewaris wurdt it dan offisjeel ynfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)