Soarchkompleks op Stork-terrein

07 okt 2004 - 18:39

Op it terrein fan it eardere Stork- fabryk op 'e Gordyk komt in grut kompleks wêryn't selsstannich wenjen en soarch kombineard wurde. Der komme twa appartemintsgebouwen mei 60 wenten en 36 ferpleechhûsplakken. Dêrneist wurdt in aktiviteitesintrum boud.

Yn it projekt wurket de gemeente Opsterlân gear mei ferskate ynstellings. Foar't mei de bou begûn wurde kin, moat de Stork-fabryk earst sloopt wurde en it terrein saneard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)