Soarchklups meie fusearje

06 okt 2014 - 16:31
  • Thússoarchmeiwurkster

De soarchorganisaasjes Nij Smellinge/Pasana, Antonius Zorggroep en de Kwadrantgroep meie fusearje. Dat hat de Autoriteit Consument & Markt bepaald nei ûndersyk en petearen dy't der west hawwe mei ûnder oare konkurrinten, soarchynkeapers en pasjinte-organisaasjes.

Troch de fúzje is der noch genôch konkurrinsje en hawwe soarchkonsuminten noch genôch kar yn bygelyks hokker dokter se hawwe wolle of yn hokker sikehûs se graach holpen wurde.

De trije soarchynstellings leverje thússoarch, húshâldlike help en hawwe fersoarchings-, ferpleech- en sikehuzen yn ús provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)