Soarchkliïnt as monteur

06 apr 2013 - 15:43
  • Soarchkliïnt as motormonteur

Yn Ljouwert is freed in motorgaraazje iepene dy't wurket mei personiel mei in beheining. De monteurs fan Motozorg binne kliïnt fan Rondomzorg. Dat is in soarchynstelling foar minsken mei in psychyske of ferstanlike beheining of mei gedrachsproblemen.

Motozorg is de earste yn Nederlân dy't mei sokke kliïnten wurket. De motors wurde dêr profesjoneel reparearre en ûnderhâlden. It úteinlike doel is dat de kliïnten it monteursdiploma helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)