Soarchkaart Nederlân foar part op webside De Friesland

18 des 2014 - 15:51

Soarchfersekerder De Friesland sil in part fan de webside Soarchkaart Nederlân op har webside pleatse. Dêrmei wol de fersekerder dat klanten better ynsicht krije yn de kwaliteit fan de sikehuzen yn Fryslân. Op de webside hawwe ferskate pasjinten de soarch fan sikehuzen beoardiele. De webside is eigendom fan pasjintefederaasje NPCF.

De Friesland is in gearwurking oangien mei de NPCF om sa har eigen klanten sa goed mooglik op 'e hichte te hâlden fan de kwaliteit fan soarch yn de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)