Soarchhorloazjes út Snits

21 maaie 2008 - 16:57

Foar minsken dy't net kloklêze kinne, komt in spesjaal horloazje. It saneamde soarchhorloazje sûnder wizers en siferkes is ûntwikkele troch softwarebedriuw Snakeware út Snits.

It kin in útkomst wêze foar minsken mei in beheining, âldere minsken of guon dy't op in fêste tiid medisinen nimme moatte. Mids 2009 moat it horloazje foar minder as 100 euro te keap wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)