Soarchgroep Tellens nominearre foar bêste wurkjouwer

03 aug 2015 - 15:04
  • Soarchgroep Tellens nominearre

Soarchgroep Tellens is nominearre foar bêste wurkjouwer fan 2015. De ynstelling is aktyf yn Súdwest-Fryslân, Frjentsjerteradiel, Littenseradiel en Tytsjerksteradiel. Yn de kategory soarch nimt Tellens it op tsjin seis oare bedriuwen: Azora, Cicero Zorggroep, Stichting Buurtzorg, Stichting Jozefoord, Zorgbalans en Zorggroep Elde.

De wedstriid wurdt organisearre troch Effectory en Intermediair. De meiwurkers mochten dêrfoar harren eigen wurkjouwer beoardiele. Op 6 oktober wurdt de winner bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)