Soarchgroep Pasana offisjeel fallyt ferklearre

28 nov 2014 - 15:05

Soarchgroep Pasana is freed offisjeel fallyt ferklearre. Dêrmei reitsje 1400 minsken har baan kwyt. Under de Pasana-groep falle sikehûs De Sionsberg yn Dokkum en ferskate âldereinhuzen. De ried fan bestjoer kundige earder dizze wike al oan dat it fallisemint oanfrege wie. It wachtsjen wie dêrnei op de offisjele stap fan de rjochtbank.

Der is no ek in kurator oansteld, dy't him oer de situaasje bûge sil. Dy besjocht ûnder oare oft der in trochstart ynsit foar it sikehûs. Foar oername fan de âldereinsoarch hawwe har ek al kandidaten melden.

De fersoargingshuzen bliuwe yntusken gewoan iepen. Soarchfersekerder De Friesland hat in 'Vangnetstichting' oprjochte, sadat de eksploitaasje trochgean kin oant der in oernamekandidaat is.

Soarchgroep Pasana wegeret fierder kommentaar te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)