Soarchgroep mei bouwe op Gordyk

21 jul 2006 - 17:23

Soarchgroep Zuid Oost yn Drachten mei in wen- en soarchsintrum op De Gordyk bouwe. Dêr moatte 36 plakken komme foar âldere minsken mei in pyschyske handikap. Fierder komme der plakken foar deifersoarging en deibehanneling.

Op termyn moatte der ek noch 24 plakken yn Oerterp komme. As dy beide ynstellingen klear binne, kin it sintrum oan yn Beetstersweach sletten wurde. Dat is ferline jier tydlik opset yn ferbân mei de wachtlisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)