Soarchfúzje Alliade & ZO-Zorg

19 aug 2013 - 13:56

Soarchgroepen Alliade en ZuidOostZorg riede in bestjoerlike fúzje ta. ZuidOostZorg wurdt nei alle gedachten in dochterûndernimming fan Alliade. Beide organisaasjes wolle sa better ynspylje kinne feroarings yn de âldereinsoarch. It bondeljen fan de krêften biedt boppedat mear mooglikheden om te ynvestearjen yn spesjalismen en nije soarchkonsepten.

ZuidOostZorg biedt soarch foar âlderein yn de gemeenten Smellingerlân, Opsterlân en Eaststellingwerf. Soarchgroep Alliade biedt njonken âldereinsoarch ek hendikepte-, jeugd- en thússoarch.

It wurkgebiet is de de regio Hearrenfean en Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)