Soarchfersekering by sikehûs

11 nov 2013 - 11:12

De organisaasje Samenwerkende Algemene Ziekenhuizen (SAZ) komt mei in eigen soarchfersekering. By de SAZ binne 42 sikehuzen oansletten. Yn Fryslân binne dat de Sionsberg, Nij Smellinghe, de Tsjongerskâns en it Antoniussikehûs. De SAZ hat it inisjatyf naam foar de nije soarchfersekering, mar sil net sels fersekerje. Dat dogge fersekerder ASR en soarchfersekerder DSW.

De basispreemje fan de poalis is 93,50 euro yn de moanne dy't de namme Beter Dichtbij-poalis krigen. Neist de basisfersekering binne der ek fjouwer oanfoljende pakketten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)