Soarchfersekerder DSW iepenet kantoar yn Dokkum

30 okt 2015 - 17:03

De lytse soarchfersekerder DSW iepene freed yn Dokkum in eigen kantoar. De fersekerder wol syn klantebestân op it plattelân útwreidzje. Minsken kinne by it kantoar delkomme foar fragen oer soarchfersekeringen en foar ekstra ynformaasje oer it oerstappen.

DSW wie ferline jier belutsen by it iepenhâlden fan it sikehûs Sionsberg yn de stêd. De aksjegroep 'Red de Sionsberg' rôp doe minsken op oer te stappen fan soarchfersekerder De Friesland nei DSW.

DSW hat trijetûzen leden yn Fryslân. De helte dêrfan binne oerstappers fan it ôfrûne jier, nei't de Sionsberg fallyt gong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)