'Soarchbuorkerij ferhúzje'

23 jan 2013 - 09:42
  • Gemeente Opsterlân

Opsterlands Belang freget de gemeente Opsterlân te sjen nei in alternative lokaasje foar in soarchbuorkerij yn Wynjewâld. De famylje Barf fangt yn de pleats inkelde tsientallen bern mei in beheining op. Ek wurdt der yn it doarp in tal huzen hierd as opfanglokaasje.

Neffens Opsterlands Belang hat de soarchbuorkerij plannen om út te wreidzjen. De partij fynt dat dat net past op de hjoeddeiske lokaasje, der soe tefolle oerlêst komme foar de buert en foar it lânskip.

Neist Opsterlands Belang meitsje ek buertbewenners beswier tsjin in mooglike útwreiding. Sy hawwe yntusken brieven stjoerd oan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)