Soarchboete letter, PvdA bliid

29 maaie 2014 - 14:16
  • De mantelsoarchboete is útsteld fanwege grut ferset, ek by de PvdA

De PvdA fan Ljouwert is bliid dat it kabinet de plannen om te koartsjen op AOW-útkearings by mantelsoarch foarearst útsteld hat. De Ljouwerter ôfdieling fûn dat AOW-ers der tefolle op achterútgongen en stjoerde dêrom koartlyn in brief nei de PvdA yn de Twadde Keamer mei it fersyk om it foarstel te kearen. Ek waard oare ôfdielings frege dit foarbyld te folgjen.

Neffens fraksjefoarsitter Tamara Bok fan de Ljouwerter PvdA is dêr in soad reaksje op kaam. It kabinet komt binnen in jier mei in oanpast foarstel.

Tsjin it âlde foarstel foar de saneamde 'mantelsoarchboete' bestie tefolle wjerstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)