Soarchbelang & Nij Smellinghe

07 okt 2013 - 20:18

Sikehús Nij Smellinghe en Soarchbelang Fryslân sette harren gearwurking troch. Moandei hawwe se dêr in nije oerienkomst foar tekene. De gearwurking fan de ôfrûne jierren hat it sikehús ynsicht jûn yn wat pasjinten meimeitsje en wat se fine fan de soarch. Oan de hân dêrfan kin it sikehús de tsjinstferliening ferbetterje.

It sikehús wit no bygelyks dat harren lytsskalichheid it goed docht by pasjinten. Dat jildt ek foar de kankerôfdieling, benammen it feit dat men in fêst oansprekpunt hat wurdt as posityf sjoen.

Pasjinten fine it ek in pluspunt dat se it paad goed fine kinne yn it sikehús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)