Soarch Trynwâlden garandearre

13 mrt 2009 - 11:21

De fúzje tusken Soarchgroep Tellens en soarchynstelling 't Skewiel sil gjin gefolgen ha foar de âldereinsoarch yn de Trynwâlden. De soarchynstellings fúsearje om't it Skewiel in finansjeel tekoart fan 6 ton hat. Yn oktober 2008 waard tocht oan in tekoart fan 2 ton.

It tekoart is ûntstien troch fraude en mismanagement. By de kantonrjochter hat bliken dien dat âld-direkteur Foeke de Jong fraudearre hat en syn eigen ynkomsten oanfuld hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)