Soarch by skoalbern promoatsje

27 feb 2001 - 11:55

De soarch hat in tekoart oan personiel. Mei in skoalprojekt wol de sektor bern in better byld fan it wurk yn de soarch jaan. Nettsjinsteande de besunigingen, lange wachtlisten en hege wurkdruk wurdt mei in toanielstik sjen litten dat wurk yn in ferpleechhûs aardich wurk is.

Soarchgroep Noorderbreedte stipet it projekt mei 10.000 gûne. As it suksesfol ferrint, komt der mooglik in ferfolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)