Soarch PvdA oer kolleezje

12 apr 2014 - 15:07
  • Gemeente Dantumadiel

De PvdA yn Dantumadiel makket him soargen oer it nije kolleezje yn 'e gemeente. Neffens de ynformateur sille de FNP, KristenUny en it CDA de wethâlders leverje. De PvdA falt dêrmei bûten de boat.

Mei de oerheveling fan taken fan it ryk nei gemeenten hat Dantumadiel krekt ferlet fan in wethâlder mei ûnderfining, is de PvdA fan betinken. En dat is de eigen kandidaat Siepie Hylkema. Der liket no keazen te wurden foar in rjochts-kristlike koälysje, seit de PvdA, en dat neamt de partij 'in polityk opportunistyske kar'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)