Soarch oer wenje yn doarpen

27 nov 2012 - 15:54

Der is grutte soarch oer sosjale hierwenten yn de lytse doarpen fan Littenseradiel. Der wurde gjin nije wentem mear boud en in grut tal besteande huzen wurdt ferkocht. De gemeente organisearre moandei in spesjale jûn om hjir mei de bewenners oer te praten.

Elkien hat besletten om net mear te ynvestearjen yn doarpen as Reahûs en Easterlittens. De sân hierwenten fan Reahûs sille allegearre ferkocht wurde. De jûn fan de gemeente brocht gjin feroaring yn it belied fan Elkien, want de korporaasje bliuwt by syn beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)