Soarch oer útbliuwen fytspaad

26 maaie 2011 - 23:13

It CDA yn Boarnsterhim makket him soargen oer de oanlis fan it fytspaad tusken it akwadukt yn de Wâldwei en Warten. Neffens útspraken fan in Ljouwerter amtner soe it noch wol tsien jier op him wachtsje litte, en dat duorret it CDA te lang.

De partij seit wol te begripen dat ûnderhannelings mei ferskillende grûneigners yngewikkeld binne. Likegoed is dat gjin reden dat der sa lang wachte wurde moat op it fytspaad, fynt it CDA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)