Soarch oer tsjerkgebouwen

16 feb 2008 - 09:55
  • De tsjerke fan Wier hat al de soarch fan de stifting Alde Fryske Tsjerken

De stifting Alde Fryske tsjerken is benaud dat dy yn de takomst de soarch foar âlde tsjerken net mear oankin. Der komme hieltiten mear gebouwen leech dy't net mear as tsjerke brûkt wurde. De stifting hat gjin jild om dy tsjerken allegear te ûnderhâlden.

Der komt dêrom no in ûndersyk nei alle 600 tsjerken yn Fryslân. Dêrmei kin de stifting sjen oft dy help fan oare ynstânsjes brûke moat om de tsjerken te ûnderhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)