Soarch oer takomst Liet Ynternasjonaal

11 sep 2015 - 15:35
  • De website fan sjongfestival Suns

Sjongfestival Liet Ynternasjonaal wurdt bedrige troch in Italiaanske farant. Yn dat lân wurdt nammentlik in sjongfestival foar minderheidstalen opset. Yn Italië wurdt dit jier ûnder de namme Suns Europe foar de earste kear sa'n festival foar hiel Europa hâlden. Ferline jier hawwe de lannen noch gearwurke, mar dat foldie net.

Dit jier koe de organisaasje fan Liet Ynternasjonaal it festival finansjeel net rûn krije, hjirtroch is it beslút naam om it om te foarmjen ta in twajierrich evenemint.

It festival yn Italië seit net deselde ynstek te hawwen as Liet, om't sy ek omtinken hawwe foar films en literatuer yn minderheidstalen. Dochs fynt de organisaasje fan Suns Europe it spitich dat Liet Ynternasjonaal net trochgiet. De winner fan it Fryske Liet sjongfestival sil no nei it Europeeske sjongfestival yn Italië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)