Soarch oer oername Mohrmann

30 jun 2008 - 11:04

De fakbûnen en de direksje fan de Ljouwerter gevelprodusint Mohrmann hawwe woansdei in petear oer de oername fan it bedriuw troch Rollecate. Dizze ûndernimming hat al in festiging yn Holwert.

De fakbûnen wolle witte hoe't it komt mei de 70 wurknimmers fan Mohrmann en oft de nije eigner yn Fryslân wol twa festigings iepenhâlde wol. Mohrman bestiet al mear as 150 jier en is ien fan de âldste bedriuwen fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)