Soarch oer oaljewinning Waad

13 aug 2012 - 11:04
  • Waadsee

De Waadferiening makket him soargen oer de plannen fan it Dútske regear om mear oalje út de Waadsee te heljen. Der wurdt al 25 jier oalje wûn op it Dútske Waad. Neffens de Dútske minister fan Ekonomyske Saken hat dat noch nea problemen opsmiten. Dêrom kin de produksje ferhege wurde. Dútslân soe sa minder ôfhinklik wurde fan oalje út it bûtenlân.

De Waadferiening is bang dat der wat misgiet by de oaljewinning. Dan kin maklik in grutte oaljeramp ûntstean. Dútske natuerorganisaasjes binne ek op it winnen fan mear oalje yn it Waadgebiet tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)