Soarch oer kangoeroe Aquazoo

06 jan 2009 - 13:29

De fersoargers fan bistetún Aquazoo yn Ljouwert sitte yn noed oer harren reuzekangoeroe. It bist lit him net opslute yn it winterferbliuw, mei as risiko dat er op it iis komt en dêr trochhinne sakket. De kangoeroe giet wolris nei binnen, mar it slagget him hieltiid om wer bûten te kommen.

As it bist dochs te wetter rekket sil de technyske tsjinst fan de bistetún yn aksje komme moatte. It is neffens fersoarger Janet_Ophuis te gefaarlik om it bist op te jeien en te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)